HEA!
Weromsjen

HEA!

13 april 2023 17:15 - 17:30

Noch fol moaie ferhalen oer de avontoeren fan eartiids hâldt de aaisikersclub fan Wurdum der mei op. Sûnt der gjin ljipaaien mear meinaam wurde meie, liede de club al in sliepend bestean. No, nei 100 jier, is it momint fan opheffen kaam. Al in jier as sân docht Thomas van der Ploeg út Broeksterwâld oan hout slepen mei syn Schwarzwälder Fuchs-hynder. De rún is in hynder dat graach wurkje wol. Van der Ploeg docht wol mei oan wedstriden, mar it moaiste fynt hy hast wol it echte wurk yn de bosk, yn opdracht fan in boskwachter. 

HEA!

Juster 17:15 - 17:30 Op oantrúnjen fan har beppesizzers stapte Meina Wouda fan Boerum ek ris op in supplanke. En no, trije jier letter, is se der hielendal ferslingere oan rekke. De 70-jierrige Meina giet geregeld oer it wetter op besite by har dochter yn Pitersyl, sa'n fiif kilometer fierderop. Foar de leafhawwers fan âlde trekkers falt der wer hiel wat te genietsjen op de jierlikse trekkerdei yn Wytmarsum. De lânboufoertugen fan foar 1980 binne der fan alle merken en maten. 

HEA!

23 april 17:15 - 17:30 Mei de fingers fielt Sonja Savelkoel by har pasjinten wêr't spierspanningen sitte. Savelkoel is al 90 jier âld, mar wurket noch altyd as magnetiseur. Klaske Boersma en Douwe Douma diele harren leafde foar fotografearjen. Tegearre sykje se moaie foto-ûnderwerpen op, lykas de bloeiende tulpefjilden by Hallum. 

HEA!

18 april 17:15 - 17:30 By de famylje Beukema fan Surhuzum binne se allegear darts-gek. Heit Wopke hat de leafde foar it darten trochjûn oan syn beide soannen Teake en Cor. Achter hûs ha se harren eigen dart-hok, dêr't se alle jûnen te finen binne. Fan heit krych hy syn earste metaaldetektor. Dêrnei is it speuren nei skatten yn de grûn allinnich mar mear wurden. Robbert Velt hat de iene nei de oare bysûndere fynst út de grûn helle en in gouden fibula is syn meast bysûndere.

HEA!

17 april 17:15 - 17:30 Neist einekoerflechtsjen is de 92-jierrige Siemen Jellema fan Gau ek noch altyd dwaande mei syn winkeltsje yn snypsnaren en âld guod. By de famylje Roskammer op it Hearrenfean hinget neat boppe de bank. Mar se ha al in poster foar it rút...