FryslânDOK 'It opus magnum fan De Haan'

Jan de Haan set noaten op papier © Murk van der Schaaf
Jan de Haan is wrâldferneamd as komponist, dirigint en útjouwer fan HaFaBra-muzyk foar harmony, fanfare en brassband. Yn novimber 2022 spilen njoggen brassbands út it hiele lân syn stik 'Redbad' op it Nasjonaal Brassband Kampioenskip yn Utert. 'It opus magnum fan De Haan' is in muzikaal portret fan Jan de Haan.
FryslânDOK 'It opus magnum fan de Haan'
Sneon 18 maart 15.30 oere NPO2 (werhelling snein 19 maart 13.18 oere)
Snein 19 maart 17.00 oere Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Syn wurk, mei as bekendste stik 'Ouverture to a new age' wurdt troch tûzenen ferienings spile. Net allinnich yn Nederlân mar oeral op 'e wrâld, fan Japan oant Brazilië.
It libben fan Jan de Haan (Nijefurd, 1951) stiet alle dagen yn it ramt fan muzyk. Thús, middenyn de bosken fan Oranjewâld, wurket er oan opdrachten en eigen wurk. "By it komponearjen bin ik soms finaal fan de wrâld", seit er. Dan krij ik in klankfoarstelling fan it stik en wit ik al presys hoe't it klinke sil."
Komponist Jan de Haan © Murk van der Schaaf
Syn talint om foar alle nivo's tagonklike muzyk te skriuwen waard it fûnemint fan syn súkses as útjouwer fan blêdmuzyk. Dochs wûn it langstme nei in autonoom libben as komponist it. Hy besleat syn miljoenebedriuw te ferkeapjen.
De muzikale famylje De Haan © Murk van der Schaaf
Filmmakker Murk van der Schaaf fûn yn 'Redbad' de oanlieding foar in muzikaal portret fan Jan de Haan. Want achter de symbioaze tusken de man en de muzyk skûlet dochs ek it ferhaal oer in syktocht nei grip op it libben, ferlet fan kontrôle en de lêst fan perfeksjonisme.
'It opus magnum fan De Haan' is in muzikale reis troch it libben fan Jan de Haan en dêrmei ek troch de Nederlânske HaFaBra-kultuer sûnt de jierren fyftich.
Murk van der Schaaf, makker fan de dokumintêre oer Jan de Haan