Prikke sûnder ôfspraak fan tiisdei ôf mooglik yn XXL-lokaasje Ljouwert

It is fan tiisdei 4 jannewaris ôf mooglik om sûnder ôfspraak in boosterfaksinaasje te heljen by de XXL-priklokjaasje yn it WTC Expo yn Ljouwert. Dat meldt de Veiligheidsregio Fryslân.
© ANP
It is de iennige faksinaasjelokaasje yn Nederlân dêr't minsken sûnder ôfspraak in boosterprik helje kinne.
Wol jildt de betingst dat de lêste faksinaasje op syn minst trije moannen lyn set is of dat ien mear as trije moannen lyn better wurden is nei in coronabesmetting.
De frije ynrin in Ljouwert is tusken 8.00 en 21.00 oere. Minsken moatte mooglik wol wat langer wachtsje. Op de webside fan de GGD en op matriksbuorden lâns de oanfierdiken wurdt byhâlden hoe drok oft it is. Sa hoopje se lange wachttiden foar te kommen.
By de GGD fine se it bêst spannend. "Je witte yn it foar net hoefolle minsken oft der komme", seit in wurdfierder fan de GGD.

Kapasiteit net benut

Neffens GGD Fryslân wurdt de kapasiteit fan de XXL-lokaasje op dit stuit noch net folslein benut. Dêrtroch is der romte foar de frije ynrin.
"Dit is een handreiking voor elke Fries die snel terecht wil voor een extra prik en niet wil wachten op een prik op een locatie elders in Fryslân. Een afspraak maken is het handigst, maar wil je liever zonder afspraak dan ben je welkom in Leeuwarden", seit Margreet de Graaf fan de GGD.
GGD Fryslân hat op it stuit goed 900.000 prikken set. Dêrfan binne 197.000 boosterprikken. De GGD ferwachtet dizze wike noch de miljoenste faksinaasje tsjin it coronafirus yn Fryslân sette te kinnen.
Minsken dy't in prik helje wolle by in oare GGD-lokaasje yn Fryslân, moatte noch wol earst in ôfspraak meitsje.