Liveblog | 14 july 2021

Simmerblog: Simmer yn Froubuorren

We binne op roadtrip troch de provinsje. Yn dit liveblog in oersjoch fan alle ferhalen út Froubuorren.
Lêst bywurke: 16 july 2021, 09:09
woansdei 14 july 2021
18:00

Oant moarn

Dit is de ein fan dit simmerblog oer Froubuorren. Tank foar it folgjen.
Moarn binne we yn Nijewier en Wetsens. Oant dan!
17:50

Sjoch hjir nei de telefyzje-útstjoering oer Froubuorren

17:45

It wie in moaie dei

© Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Mei âld-ynwenners fan Froubuorren en sjongeres Trienke Hoogenberg slute wy dizze moaie dei ôf.
17:20

Trienke en Sido

De kleurrike sjongeres Trienke Hoogenberg komt oarspronklik fan Froubuorren, al komt se der no net sa faak mear. Trienke is in dochter fan de pleatslike ferver, Jan 'Histor' Hoogenberg. Se is lanlik net in ûnbekende, omdat se twa kear mei súkses meidien hat oan it lanlike âldereinsjongfestival. Dêrby waard se in kear twadde en in kear tredde.
Yn Froubuorren wie net folle te dwaan doe't ik jong wie, fertelt se. Se diene oan raaptippen en fierpisjen by it spoar. Trienke woe altyd graach sjongeres wurde. Doe't se 12 jier wie, siet se al by de band 'De Trochsetters'. Se spilen op brulloften en partijen.
Under begelieding fan har partner Sido Martens op gitaar bringt Trienke oan 'e ein fan dizze dei in liet. Fansels yn de Biltske taal.
Trienke Hoogenberg en har partner Sido Martens © Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Trienke wit in soad anekdoates te fertellen
16:45

Rommert Eenling is efkes werom op de fierljepskâns

In fergetten stikje nostalgy. Dat is de âlde fierljepskâns fan Froubuorren. De bult dêr't it publyk altyd op sit, is der noch. De skâns pykt boppe de reiden út en de pols stiet der noch tsjinoan, mar der wurdt net mear fierljept. De akkommodaasje is ôfkard, want gjin klaaigelegenheid en gjin dûsen. Oait sieten hjir wol 1600 taskôgers, fertelt Rommert Eenling
De pleatslike keatsferiening waard oprochte yn 1958. Earst sprongen se oan de ein it dorp oer de feart. Dy lei der doe noch yn. De oanrin nei de sprong waard dien oer de dyk. Eenling: "Ferkear wie der hast net. As der al in auto oan kaam, dan wie der altyd wol ien dy't dy auto efkes opkearde. Mei in boatsje stutsen de ljeppers nei de sprong de feart wer oer." Letter mei de ruilferkaverling koene de fierljeppers terjochte op wat no de âlde skâns is.
© Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
By de âlde fierljepskâns
16:20

Tennisje op in himpkwekerij

Multyfunksjoneel sportsintrum De Buurfrou hat in romrofte foarskiednis, fertelt eigener Bauke Hofman. Doe't syn foargonger deryn siet, waard ûnder de tennishal in ûndergrûnse himpkwekerij ûntdutsen. Dat wie yn 1995 by it ûndersyk nei de ûntfiering fan direkteur Snijder fan technyske gruthannel Lasaulec yn Ljouwert. De man sels waard fêsthâlden yn in bygebou fan in hûs yn Froubuorren. De hiele saak wie yn 16 oeren tiid oplost.
Hofman is sûnt 1999 útbater fan de tennishal, anneks sport- en fitnesssintrum yn Froubuorren. Hy wurke dêrfoar as finansjeel manager yn Amsterdam. Syn frou wurke by de plysje yn Utrecht. Sy hat no in massaazjesalon by de tennishal. Bauke is bliid mei syn oerstap nei it Noarden: "It wennet hjir geweldich. Jo hawwe hjir alle romte."
© Omrop Fryslân, Geert van Tuinen
Geert van Tuinen praat mei Bauke Hofman