Stilteprotest tsjin Frisian Flag: "Agresje ropt allinnich mar mear agresje op"

Tsjinstanners fan de ynternasjonale militêre oefening Frisian Flag hâlde snein in protestaksje. De aksjefierders fytse in tocht fan sa'n fyftjin kilometer om de fleanbasis yn Ljouwert hinne. Sy binne it net iens mei de lûdsoerlêst en smoargens fan de fleanbasis.
It protest © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Wat fantastysk dat jimme der allegear binne", begjint Dirk Kuiken syn ferhaal wylst hy rjochting in groepke fytsers rint. Ferklaaid yn in rôze unifoarm mei medalje en baret sjocht Kuiken nei de oare dielnimmers. "Dat docht ús allegear goed fansels."

"Dat militêre moat foarby wêze"

De aksjefierder hâldt efkes stil by syn eigen fyts. Op in oanhingwein stiet in grutte wrâldbol te wachtsjen oant de tocht begjint. "Dat militêre moat foarby wêze. De oerlêst is te grut foar de omwenners fan de basis, mar ek foar de rest fan Fryslân." Sa'n fyftich minsken komme op de aksje ôf en klappe foar de speech fan Kuiken.
Kuiken doelt op de militêre oefening Frisian Flag. De kommende twa wiken hâlde ferskate tastellen twa kear deis in misje boppe de Noardsee. Frisian Flag bestiet al jierren, mar definsje fynt dat in oefening yn tiid fan oarloch yn Europa ekstra wichtich is.
Kuiken is it dêr net mei iens. "Je sjogge krekt dat de gewoane man slachtoffer wurdt fan oarloch. As dizze tiid wat sjen lit, dan is it wol dat in oarloch nearne op slacht. Agresje ropt allinnich mar mear agresje op. Dat moat ophâlde."
Dochs liket it gjin opsje mear om yn petear te gean mei de tanimmende spanning.
In spandoek fan de aksjefierders © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Der komme ek oare minsken op de protestaksje ôf. Sy binne it net iens mei de lûdsoerlêst fan de F-35. Dy protesten libje al langer. "Wij worden er helemaal gek van", seit Hans van der Meij.
Hy wennet op sa'n fiif kilometer fan de basis. "We zijn uiteraard wel iets gewend, maar sinds de F-35 de oudere F-16 vervangen heeft, wordt het alleen maar erger. We moeten de ramen steeds sluiten en het zorgt voor stress. Onbewust heeft het een enorme impact."
Stiltetocht tsjin Frisian Flag © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"As wy de pakesizzer op besite ha, dan kinne dy amper mear bûten boartsje", seit in oare man. "Wy binne besoademitere troch definsje mei de mjittingen. Sy telle op in wize dy't folle better foar harren útpakt. Dat is net de realiteit. Der moat in oplossing komme. Ik wol net sizze dat de fleanbasis fuort moat, mar miskien kinne sy earne oars oefenje", seit de man wylst hy op de fyts springt om de stoet te folgjen.
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de protestaksje