Ferry de Haan oer ûntslach Jansen: "Er was heel veel negativiteit"

Der wie te folle negativiteit en te min betrouwen op it fjild. Dat jout technysk manager Ferry de Haan as redenen foar it ûntslach fan trainer Johnny Jansen.
De 'day after' op Sportpark Skoatterwâld:
"Dat in combinatie met dat we al aan zouden geven dat we na het seizoen een andere keuze zouden gaan maken, heeft ons helaas doen besluiten de samenwerking te beëindigen", seit De Haan.

Dreech boadskip

"Het ging gelukkig op een normale manier in een prettige sfeer", seit de manager oer it petear mei Jansen moandeitejûn.
Dochs wie it in dreech boadskip. "Ja, heel moeilijk. Iedereen kan zeggen het is je werk, maar dit is natuurlijk nooit leuk. Het gaat wel over mensen. Met name John: een clubman, die meer dan een fijn mens is. Die altijd zijn ziel en zaligheid erin gestopt heeft. Ja, dan zeg ik niet: 'Weet je wat we gaan vandaag eens een leuk gesprek voeren'. Daar kijk ik wel tegenop."
Technysk manager Ferry de Haan fûn it dreech om Jansen te ûntslaan:
De opfolging fan Jansen leit noch iepen, seit De Haan. Dat der neffens oare media al kontakt west hat mei Mitchell van der Gaag is neffens de technysk manager ûnsin.
"We hebben we drie opties: in deze setting doorgaan, iemand erbij zetten of gelijk een langetermijnoplossing zoeken. Daar zullen wij ons de komende dagen meer dan druk mee gaan houden." Dat lêste hat wol de foarkar fan de kluplieding, mar liket op dit stuit op de koarte termyn it minst realistysk.

Sfear

Tiisdeitemiddei stie foar it earst de training ûnder lieding fan de eardere assistint-trainers Ole Tobiasen en Peter Reekers. Yn in aparte sfear: "Dat drukt dan toch wel op de hele groep. Je krijgt weer met andere gezichten nu te maken. Dat gebeurt gelukkig niet zo heel vaak, maar het is wel harstikke gek. Eigenlijk niet te beschrijven hoe dat precies voelt", seit doelman Mous.
Neffens him libbet de spilersgroep mei mei Jansen. "Johnny is een echte clubman. Hij zit al 22 jaar bij de club, dus dat is voor hem gewoon hartstikke lastig. Het is nooit leuk en dat gun je hem ook helemaal niet. Maar het hoort bij de voetbalwereld; je weet dat het kan gebeuren."
Xavier Mous oer it ûntslach fan Jansen:
Op 5 febrewaris stiet de earstfolgjende kompetysjewedstriid foar sc Hearrenfean op it programma. Yn in útwedstriid is Fortuna Sittard dan de tsjinstanner. By dy wedstriid sitte Tobiasen en Reekers yn elk gefal noch as einferantwurdliken op de bank.