Automobilist triuwt aksjefierders Extinction Rebellion by fleanbasis fuort

By de demonstraasje fan Extinction Rebellion fan freedtemiddei binne demonstranten fuorttreaun troch in automobilist.
De auto waard tsjinholden troch de demonstranten, mar bleau dochs trochriden:
By de aksje is net ien ferwûne rekke. De wurdfierder fan de demonstranten lit witte dat se oanjefte dwaan sille.
"Onze collega's ter plaatse hebben de inschatting gemaakt dat ingrijpen niet direct noodzakelijk was. De situatie loste zichzelf snel op. We nemen verklaringen op van alle betrokkenen", skriuwt de plysje yn in reaksje.

Frisian Flag

De demonstranten fan Extinction Rebellion protestearren freedtemiddei tsjin de oefeningen fan Frisian Flag, om't it negative effekten hat op it miljeu en it klimaat.
By de yngong fan de fleanbasis steane jongelju mei rôze klean. Se ha har fêstset oan beammen en oan inoar.