Acht F-35's fan Ljouwerter fleanbasis op oefening nei Amearika

De kommende wiken is it rêstiger yn it loftrom boppe de fleanbasis yn Ljouwert. Acht fan de trettjin F-35's fan de basis fleane foar in grutte oefening nei Edwards Airforce Base yn Californië. Der giet 165 man grûnpersoniel mei.
Acht F-35's fleane nei Amearika:
"Het is de laatste oefening voordat we gereed zijn voor uitzending", seit luitenant Jayme Tol. Earder ha der twa oefeningen yn Nederlân west, yn Ljouwert en yn Volkel. De tredde is dus yn de Feriene Steaten. "Naast de piloten gaat er meer personeel mee, mensen die nodig zijn ter ondersteuning, zoals onderhoud, logistiek en we gaan oefenen met bommen, daar zijn ook mensen voor nodig. Het is alsof we echt op uitzending gaan."
De oertocht is yn totaal goed 5.500 myl. "Dat kan niet in één keer. Er is een tussenstop in Vermont waar de een nacht slapen en dan doorvliegen naar Edwards."

Earste kear sûnt corona nei bûtenlân

It is de earste kear sûnt de útbraak fan corona ferline jier maart dat se wer nei it bûtenlân gean. Se bliuwe hast in moanne fuort. "We gaan drie weken oefenen, met bommen en nachtvliegen."
Der bliuwe noch fiif tastellen yn Ljouwert. "Die blijven aan de grond. De vliegbasis is in principe gesloten. Dus het zal een stuk stiller zijn, al heeft Volkel wel een oefenschema en vliegen die wel boven de provincie."
In F-35 yn Ljouwert © ANP
Luitenant Jayme Tol