Waadhoeke: hoe sjocht It Bilt werom op fjouwer jier yn 'e nije gemeente?

De gemeente Waadhoeke is ien fan de nijere gemeenten yn Fryslân: yn 2018 waarden It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel mei in tal doarpen yn Littenseradiel omdoopt ta Waadhoeke. Sûnder stjit of slach gie dat net, benammen op It Bilt wie in soad argewaasje.
© Omrop Fryslân
De Bilkerts, ynjûn troch harren unike ûntsteansskiednis, taal en kultuer, seagen harren identiteit bedrige wurden troch de fúzje. De partij Frije Bilkerts sette de aksje 'Stop de Fusie' op.
Uteinlik kaam de fúzje der wol. Yn de gemeente stimden Werkgroep Het Bildt, CDA, VVD en PvdA foar de fúzje en Frije Bilkerts tsjin. Dochs oerhearske yn dy stimming by alle partijen benammen fertriet oer it opsizzen fan de 511-jierrige Biltske autonomy.

Biltsk eigen plak binnen gemeente

Fjouwer jier nei de fúzje sjocht riedslid Haije Stellingwerf fan SAM Waadhoeke, en âld-riedslid fan Werkgroep Het Bildt, posityf werom op de earste riedsperioade fan de gemeente. Neffens him hat it Biltsk en de Biltske kultuer 'echt in plak krigen yn de gemeente'.
De gemeente Waadhoeke is dan ek in fjouwertalige gemeente (Biltsk, Frysk, Frjentsjerters en Nederlânsk).

Fierder fan de boargers ôf

Wol jout Stellingwerf it neidiel ta dat de gemeente no fierder fan de boargers ôfstiet. "Yn earste ynstânsje fysyk. Jo kinne der net samar efkes nei binnen rinne." Mar hy kin him ek foarstelle dat de gemeente gefoelsmjittich foar de boargers fierder fuort is.
De wize fan polityk bedriuwe is ek oars wurden. "Yn de gemeente It Bilt koe eltsenien inoar goed. Dan koest fûle diskusjes ha by in gearkomste en efterôf dronken jo in bierke mei-inoar. Net dat dat yn Waadhoeke hielendal net it gefal is, mar it is wol oars."
Yn de oanrin nei de gemeenteriedsferkiezingen ljochtet Omrop Fryslân alle dagen in gemeente út. Wat spilet dêr en wat falt op? Sjoch op Omropfryslan.nl/GR22 foar mear nijs oer de ferkiezingen.
Leendert Ferwerda, oprjochter fan de partij Frije Bilkerts, wie doedestiidsk tsjin de fúzje. No, as riedslid fan GemeenteBelangen, sjocht er mei mingde gefoelens werom. Noch hieltyd fynt er it spitich dat de gemeente It Bilt opgien is yn 'De Waddenhoek'.
As hy nei Harns sjocht, de gemeente dy't net meigean woe yn de fúzje, fynt er dat It Bilt dêr ek better foar kieze kinnen hie.

'Sterke basis ûnder taalrykdom'

Oan de oare kant sjocht Ferwerda wol dat yn gemeeente Waadhoeke omtinken is foar de spesifike situaasje fan It Bilt. Sa hat de gemeente in meartalichheidskoördinator, Gerard de Jong (sels ek in Bilkert), oansteld. Neffens Ferwerda wurdt sa in brede en sterke basis lein ûnder de taalrykdom yn Waadhoeke.
Oft It Bilt der echt op efterút gien is, kin Ferwerda net sizze, mar foarút ek net. Sa wiene yn de petearen oer de gemeentlike weryndieling tasizzingen dien oer dat It Bilt wol in eigen loket krije soe. Dan hoegden boargers net hielendal nei Frjentsjer te reizgjen. Mar dat loket is der nea kaam.

Plannen foar Frjentsjer?

Frjentsjer is dwaande mei it oppoetsen fan de eigen skiednis en kultuer. Sa waard yn 2020 de Botniastins, dêr't Stichting Academie van Franeker húsfeste is, opknapt. De stichting wol it universitêre libben in nije ympuls jaan. Op dy wize wolle se Frjentsjer wer de yntellektuele alluere jaan fan eartiids.
En ôfrûne simmer waard der in audiotoer yn de stêd opset, 'Stemmen uit de muren', dêr't minsken mei audioferhalen de skiednis fan Frjentsjer ûntdekke kinne. Mar ek koartlyn noch waard it Planetarium foardroegen foar de UNESCO-wrâlderfgoedlist. Sa soe it histoaryske pronkstik fan de stêd samar in ynternasjonale status krije kinne.

Net it meast fisjonêr

Mar wat hawwe de ferskate partijen fierder foar konkrete plannen? In neiere beskôging fan de ferkiezingsprogramma's lit sjen dat de partijen net perfoarst it meast fisjonêr binne as it op de takomst fan de 'Akademystêd' oankomt.
GemeenteBelangen seit wol dat se Frjentsjer profilearje wolle as keatshaadstêd fan Nederlân. Mar as der jild foar komme moat of in plan, dêr seit de partij neat oer.
© Omrop Fryslân
De VVD fynt dat it Planetarium, it Martena Museum en it Keatsmuseum peareltsjes binne fan de stêd. Sy tinke dat goede promoasje fan alle trije musea pubykslûkers meitsje kin. Oft dat ek betsjut dat der mear jild foar de musea komme moat, dêr skriuwt de VVD net oer. Ek de oare partijen litte neat blike fan in strategy foar Frjentsjer.

Ien pot links

Foar de linkse stimmers yn Waadhoeke binne der net safolle smaken as yn de measte oare gemeenten. D66, GrienLinks PvdA (en ek Werkgroep Het Bildt) stride nammentlik allegear ûnder deselde flagge: dy fan SAM Waadhoeke. Dy partij waard oprjochte yn 2016 en die yn 2017 foar it earst mei oan de ferkiezingen. SAM waard doe mei seis sitten de twadgrutste partij yn de gemeente.
Mar hoe skipperje jo tusken dy ferskate streamingen? De iene kear sosjaal, dan wer grien en dan wer progressyf? Listlûker Hanna van der Werff neam it 'een succesvolle fusie'. "Het is soms moeilijk voor mensen, die een achtergrond hebben bij een bepaalde partij, om besluiten te nemen die afwijken van hun oorspronkelijke partij."
Dochs besykje se harren eigen koers te farren.
SAM seit sels te stribjen nei it hawwen fan alle identiteiten fan de ferskate partijen. Op dy wize besiket de partij de hiele linkerflank te bestriken. Mar dat betsjut net dat der net mear links is yn de ried. Oer de hiele liny sjocht Van der Werff dat oare partijen ek progressive punten sjen litte.