PvdA stelt Keamerfragen oer oerlêst fan F-35

It Fryske Keamerlid Habtamu de Hoop en syn kollega Kati Piri (beide PvdA) stelle fragen oer de oerlêst dy't de F-35 feroarsaket yn Fryslân. Ut ûndersyk yn opdracht fan Omrop Fryslân kaam nei foaren dat it fleantúch foar stress en sliepeleazens soarget by Friezen.
Piloat yn F-35 © Omrop Fryslân
De Keamerleden wolle ûnder oare witte hoe't it kin dat Definsje him offisjeel oan de lûdsnoarmen hâldt, mar dat der dochs in soad minsken binne dy't der lêst fan hawwe. Net it tal desibellen, mar de ûnderfining fan omwenners moat sintraal stean, as it oan de PvdA leit.
De Hoop en Piri wolle ek witte oft de minister opnij nei de lûdsnoarmen sjen wol. Se freegje boppedat oft der maatregels naam wurde kinne om de oerlêst te beheinen.
By FryslânDOK is takom wykein de dokumintêre 'F-35: Wat hangt ons boven het hoofd?' te sjen. Dêryn ûndersiket dokumintêremakker Johanna Brinkman it effekt fan it strieljagerlûd op minsken.
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.