Wittenskippers warskôgje op 'e nij foar gefaren gaswinning Waadgebiet

Gaswinning by It Amelân © ANP
"Wy hawwe it gefoel dat it de ferkearde kant op giet, dat dy fergunning om gas te winnen der dochs komme sil", seit kustekolooch Tjisse van der Heide. Hy is ien fan de grutte groep wittenskippers dy't it kabinet op 'e nij warskôget foar de gefolgen fan gaswinning yn de Waadsee.
Mids juny wie der ek al in krityske brief oan minister Van der Wal fan Stikstof en Natuer, minister Jetten fan Klimaat en Enerzjy en steatssiktaris Vijlbrief fan Mynbou. Dy wie ûndertekene troch goed 400 wittenskippers en dizze ek wer.

'Minder platen sille drûchfalle'

In kombinaasje fan grûndelgong troch gaswinning en in hegere seespegel troch klimaatferoaring, sil derta liede dat it Waad by eb op minder plakken drûchfalt, warskôgje de wittenskippers. Beskerme fûgelsoarten hawwe de drûchfallende platen nedich om fretten te finen.
De wittenskippers skriuwe fierders dat it kabinet gjin jild mear stekke moat yn gaswinning. Yn stee dêrfan soe der in Needplan Klimaat komme moatte, foar it mei faasje ôfbouwen fan it gebrûk fan gas en oalje. Dêr wolle de wittenskippers ek wol oer meitinke, seit Van der Heide dy't by it NIOZ en de universiteit fan Grins wurket.

Beskerme natuergebiet

Van der Heide wiist derop dat de Waadsee beskerme Unesco- en Natura 2000-gebiet is. Dêr moat de natuer op it earste plak stean. It IPPC ropt ek op om net oer de oardel graad opwaarming fan de ierde hinne te gean.
En it giet net inkeld om de fûgels dy't net mear op de Waadplaten ite kinne omdat dy net mear drûchfalle. Oan de bûtenkant tsjin de seediken oan sakket it bûtendyks lân ek mei. Dat foarmet in soart ferdigeningsliny fan de diken tsjin de see. As dat ferdwynt, is dat gefaarlik foar de minske.
De wittenskippers wolle opbrûke wat der no oanboarre is en gjin gaswinning op nije plakken. "As we opbrûke wat we no hawwe, gean we al oer dy oardel graad ierdopwaarming hinne."

'Nije gasfergunning smyt pas oer fiif jier gas op'

Nije gaswinning tastean sadat minsken hjir net yn de kjeld sitte, is in skynargumint, neffens Van der Heide. As jo no nije gaswinning tastean, kin datselde gas pas oer in jier of fiif brûkt wurde. It is gjin oplossing foar de tichtdraaide gaskraan yn Ruslân fan no.
Van der Heide set de trije haadpunten noch efkes op in rychje: opmeitsje wat der no is, gjin nije gaswinning tastean en de enerzjytransysje mei faasje trochsette. Hy is net bot optimistysk oer it feit dat dit brief no wol in positityf effekt hawwe sil, "mar ik haw goede hope."