'Op de fyts wie Lieuwe Westra ûnfersetlik en it lokkichst'

Lieuwe Westra yn de Tour de France fan 2015
© Orange Pictures
"Op en neist de fyts die er de dingen fol oerjefte en wie er ûnfersetlik." Dat seit biograaf Thomas Sijtsma oer âld-hurdfytser Lieuwe Westra (40), dy't sneon stoarn is. Mar nei syn hurdfytskarriêre hie er it lestich. "Sûnder de fyts wie it hiel dreech foar him."
Ald-Dokkumer Sijtsma publisearre yn maaie 2018 it boek 'Het Beest' oer Westra. Yn it boek fertelde de âld-fytser oer syn depresjes, al gong it doe wol better, sei Westra by de publikaasje fan it boek. "Ik haw noch wolris in minne dei, sa ien kear yn de twa of trije wiken as it wat te drok wurdt. Mar elkenien hat wolris in minne dei en ik wit wêr't it troch komt."
Jan Hendrik Westra reagearret mei fersleinens op it ferstjerren fan syn broer. "It ôfsluten fan syn libben as prof en hurdfytskarriêre foel him swier", skriuwt er op Facebook. "Mar we tinke graach werom oan him as hurdfytser, Het Beest, yn de lokkichste mominten fan syn libben."
Hy priizget ek de ûnfersetlikens en kracht fan syn broer. "Sa grutsk as er as ploechgenoat fan gieletruidrager Vincenzo Nibali Parys binnenried, hoe't er sels ek ritten wûn yn Parys-Nice en de Dauphiné en titels pakte op it NK tiidriden."
Lieuwe Westra en Vincenzo Nibali yn de suksesfolle Tour de France fan 2014
© ANP
Frank Wierstra makke Westra mei as begjinnend hurdfytser. Se wienen yn 2006 en 2007 ploechgenoaten by Krolstone. "Lieuwe wie altyd op de ôfspraak", seit de Burgumer. "Ik fytste en trainde faak mei him en hy moast geregeld de fuotten stilhâlde, oars koe ik him net byhâlde. Dan siet er samar fiif oeren lang op de rollerbank."
Lieuwe Westra as winner fan de Omloop fan Trynwâlden yn 2007, mei rjochts Frank Wierstra en links Germ van der Burg
© Frank Wierstra
Westra kaam mei tank oan Wierstra terjochte by Krolstone, de ploech dy't doe ûnder lieding stie fan Merijn Zeeman. "Zeeman frege my oft ik noch ien foar it team wist. Ik sei: 'Jawol, Lieuwe Westra. It is in gokje, mar as it slagget, hast goud yn hannen'."
Zeeman hapte ta en Westra koe oan de slach by de ploech. Yn 2006 boekte Westra syn earste oerwinning op elitenivo, in kritearium op It Hearrenfean.
"We gongen rjochting de lêste bocht", wit Wierstra noch. "Ik sei tsjin Lieuwe dat hy as earste de bocht yn moast. Ik remme. Achter my sieten mannen as Sierd Steigenga en Germ van der Burg, de grutte mannen fan doe. Dy wienen fansels net sa bliid mei my, se koenen Lieuwe net mear te pakken krije."
It wie foar Westra eins it begjin fan in grutte karriêre. Yn 2009 gong er nei Vacansoleil. By dy ploech pakte er in etappe-oerwinning yn Parys-Nice en waard er twa kear Nederlânsk kampioen tiidriden. "Op goede dagen koe er elk ferslaan", seit biograaf Sijtsma. "En as 'knecht' gie er foar syn kopman dwers troch muorren hinne."
Ien fan Westra syn ploechgenoaten út dy tiid, Johnny Hoogerland, is skrokken fan it nijs fan hjoed. "Het spijt me heel erg dat we je niet meer hebben kunnen helpen."
Nei syn jierren by Vacansoleil hie Westra suksessen by Astana. Net allinnich mei oerwinningen yn bygelyks it Critérium du Dauphiné en de Driedaagse De Panne-Koksijde, mar ek as masterknecht fan Vincenzo Nibali. Yn 2014 spile Westra in belangrike rol yn de Italiaan syn einoerwinning yn de Tour de France.
"Dat wie miskien wol syn moaiste prestaasje", seit Sijtsma. "Westra ried ferskriklike goed."
De Kazachske ploech reagearret ek op it ferstjerren fan harren âld-fytser. "We binne bot skrokken fan it ferskriklike nijs."
Begjin 2017 hold Westra op mei hurdfytsen. Hy hie it dreech en wie iepenhertich oer syn depresjes. Yn 2018, doe't er mei syn doetiidske freondinne yn Australië wenne, sei er dat it better gong.
In jier letter begûnen Westra en syn frou yn Calpe (Spanje) in akkommodaasje foar hurdfytsers. Se ferhierden apparteminten en Westra gong mei syn gasten te fytsen. It libben befoel him dêr goed: hy koe noch altyd fytse, mar sûnder de stress fan it prestearjen.
Yn 2021 wie Omrop Fryslân op besite by Westra yn Spanje:
It aventoer yn Spanje hold nei twa jier lykwols op en einige mei in skieding. Westra kaam dêrnei werom nei Fryslân.
"Nei't er út Spanje weromkaam, foel er werom yn syn âlde gedrach fan wat er foar syn karriêre die", seit Sijtsma. "It útgean en it brûken fan drank en drugs. Hy wist net sa goed wat er mei himsels oan moast. Hy wie sykjende en koe net goed syn plak fine yn de maatskippij bûten it fytsen. Sûnder de fyts wie it gewoan hiel dreech foar him."
Mear reaksjes út de hurdfytswrâld: