Ald-NSB'er Jacob Luitjens, dy't syn lêste jierren yn Fryslân wenne, stoarn

Jacob Luitjens yn 1992 by de rjochtbank yn Assen
© ANP
Ald-NSB'er Jacob Luitjens, dy't de bynamme Schrik van Roden krige, is stoarn. Dat meldt deiblêd Trouw. Luitjens is 103 jier wurden en wenne de lêste jierren fan syn libben op 'e Lemmer.
Luitjens stie yn de Twadde Wrâldoarloch yn it noarden bekend as in wrede lânwachter. Hy spoarde in soad ûnderdûkers en fersetsstriders op en stjoerde minsken nei in gebou yn Drinte, dêr't se martele waarden. Luitjens wie ek belutsen by twa moarden.
Yn 1961 ferhûze er nei Kanada ta. Dêr wie er heechlearaar en botanikus. Yn de jierren tachtich wie Luitjens ien fan de meast sochte kollaborateurs. Sjoernalist en nazy-jager Jack Kooistra spoarde him yn 1982 op, mar Kanada levere him net út.
Jack Kooistra oer syn 'jacht' op Jacob Luitjens
Luitjens ferlear yn 1991 syn Kanadeeske nasjonaliteit omdat er liigde oer syn ferline. In jier letter waard er dêrom dochs útset nei Nederlân. De rjochtbank yn Assen feroardiele him ta in finzenisstraf fan twa jier en fjouwer moannen. Nei syn frijlitting kaam er yn Fryslân te wenjen.