Yn memoriam: Hurdfytser Lieuwe Westra (1982-2023)
Sterk en kwetsber, mei hege toppen en djippe dalen. Lieuwe Westra wie in fantastyske hurdfytser en in bysûnder minske.
Westra is ôfrûne wykein op 40-jierrige leeftiid ferstoarn. Hy wie tsien jier profesjoneel hurdfytser. Syn bynamme wie 'Het Beest', om't er hiel hurd wurkje en ôfsjen koe.