Habtamu de Hoop: "Kabinetsfoarstel foar rekkenriden is ûnearlik foar plattelân"

Keamerlid Habtamu de Hoop © ANP
It Fryske Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop (PvdA) wol dat it kabinet ûnderskied makket tusken stêd en plattelân as it rekkenriden ynfierd wurde soe.
Mei it rekkenriden moatte autoriders betelje foar de ôfstân dy't sy ôflizze. It makket dêrby net út oft dat op it Fryske plattelân is of earne yn de Rânestêd.
De Hoop fynt dat ûnearlik, omdat bewenners op it plattelân faker ôfhinklik binne fan de auto. Hy ropt tegearre mei de SP it regear yn in moasje op om foar te kommen dat ynwenners fan it plattelân foar ûnevenredige kosten komme te stean.
Mei dit foarstel fergrutsje je de kleau tusken Rânestêd en plattelân.
Habtamu de Hoop
"It is net rjochtfeardich om minsken yn gebieten sûnder iepenbier ferfier likefolle betelje te litten as in automobilist op de A4 tusken Rotterdam en Den Haag, dêr't eltse 10 minuten in trein rydt", seit De Hoop. "Mei dit foarstel fergrutsje je de kleau tusken Rânestêd en plattelân."
De Hoop kin yn prinsipe goed libje mei it prinsipe fan betelje neffens gebrûk, mar stelt foar om te wurkjen mei útienrinnende tariven. "Ik fyn dat je echt sjen moatte nei it plak dêr't minsken yn de auto stappe en it tiidstip. It is gewoan net earlik om minsken dy't gjin alternatyf hawwe, likefolle betelje te litten as minsken dy't dat wol hawwe."
Habtamu de Hoop wol rekken hâlde mei plattelânsbewenners