De toan fan Froukje Sijtsma: "In lege stoel oan de feesttafel"

"Yn myn studintetiid wurke ik as kassiêre yn in supermerk. Ik fong faak fan alles op. Sa hearde ik ris twa froulju yn de rige by de kassa mei inoar praten. Ut harren gesprek makke ik op dat ien fan beiden koartlyn har man ferlern hie.
De situaasje fielde foar my as bûtensteander wat nuver oan. Ik seach dat de iene frou net goed wist wat se mei it farske fertriet fan de widdofrou oan moast. Se hie fan alles sizze kind, se hie neat sizze kind, mar se sei tsjin de frou yn rou: "Nou, gelukkig zijn de doperwtjes deze week in de aanbieding, hè?" Se lake der wat ûngemaklik by en sette har glêzen pot mei woartels en dopearten op de rinnende bân.

De absurde sketch yn de supermerk is my altyd bybleaun. Mar it sette my ek ta tinken, want hoe moatte je eins omgean mei ien dy't yn rou is? Wat moatte je sizze as ien koart of miskien al wol langer ferlyn in partner, bern of oare dierbere ferlern hat? Earlik sein wit ik it sels ek net sa goed, want safolle haw ik yn myn libben - gelokkich - noch net mei de dea te krijen hân yn myn direkte fermidden.

Sa'n twa jier lyn kaam in lyts berntsje by ús yn de wenwyk te ferstjerren troch in slimme sykte. Ik koe de âlden wol fan gesicht. Wy groetsje inoar, mar ik haw se nea in kaartsje stjoerd of frege hoe't it mei se giet. Ik wit hielendal net oft se it der wol oer hawwe wolle. En ik wol har ek net samar op strjitte mei de dea fan harren berntsje konfrontearje. Dochs wringt it noch altyd dat ik doe, mar eins noch altyd, mei in bôge om harren fertriet hinne gean.

Yn de dokumintêre Huisje Boompje Weduwe, dy't dizze moandei op de EO te sjen wie, fertelle Marieke en Marieke, twa jonge froulju fan 27 en 33, oer it ferlies fan harren partners. Beide manlju stapten sels út it libben. De iene nei hast twa jier houlik, de oare trije wiken foar de brulloft.

Marieke en Marieke hienen lokkich in soad leave minsken om harren hinne, mar gjinien dy't fertelle koe hoe't sy as jonge froulju rouwe moasten. En wylst de libbens fan de jonge widdo's folslein stilstienen, gie dat fan de freonen gewoan troch. Dy fûnen in nije baan, kochten har earste hûs of krigen in lytse poppe.

De jongste Marieke fertelt dat se it dreech fûn dat guon minsken har net alles mear doarden te fertellen, om't se benaud wienen om har te kwetsen. "Ik zei: draai alsjeblieft je hoofd niet om, want ik wil overal bij betrokken blijven. Mijn verdriet blijft toch wel."

De froulju fertelle ek dat minsken soms ûngemaklike dingen seinen. "Een keertje vroeg iemand me na zes weken: en, ben je er al een beetje overheen?" en in oar sei "Ja, het deed mij ook heel veel pijn toen mijn verkering uitging." Grif allegear goed bedoeld, mar it foel net sa goed.

"Rouwen is meer dan huilen in een hoekje", seit de heechswangere Marieke. "Je lijf reageert op heel veel verschillende manieren op rouw." Yn de dokumintêre sjochst hoe't de twa jonge froulju besykje om it libben wer op te pakken. Mar it feit dat se opnij fereale reitsje betsjut net dat se harren ferstoarne manlju fergetten binne, lizze de froulju út. "Een nieuwe liefde betekent niet dat we daarom geheeld zijn. Het gemis en de liefde voor onze overleden mannen dragen wij de rest van ons leven met ons mee."

Hoe kin it dat wy as minsken gefoelsmjittich dochs mei in grutte bôge om ien syn fertriet hinne gean? Dy fraach stelde ik oan roucoach Engelien Ruyter. Se leit út dat it hielendal net gek is. De dea is hiel konfrontearjend en it is folle makliker om te praten oer suksesferhalen as oer ferlies en rou. Boppedat is it soms ek lestich om yn te skatten wêr't in persoan yn rou ferlet fan hat. Wol dy syn triennen sjen litte, deroer prate of miskien wol leaver net?

Neffens Engelien is it dêrom belangryk om te freegjen wêr't de oar op dat stuit ferlet fan hat. En in kaartsje stjoere, dat kin altyd. "Want sa litte je sjen dat de persoan dy't ferstoarn is, noch altyd fan wearde is", leit Engelien út. Se moediget minsken dêrom oan om it gemis foaral wol op in krystkaartsje te beneamen. "Omdat yn de desimbermoanne faak noch hurder field wurdt dat der in stoel leech is oan de feesttafel."

En dat is ek wat de Mariekes sizze yn de dokumintêre. "Rouw komt vaak op de gekste momenten, dan is het er opeens. En heel vaak, wanneer je denkt dat je het alleen niet meer aankunt, dan is het fijn als er mensen zijn die het gemis met je meedragen.""