Wâldsein lilk om wetteroerlêst: "Probleem is bekend by gemeente"

Ynwenners fan Wâldsein binne min te sprekken oer de wetteroerlêst yn it doarp. It is net foar it earst dat de kelders yn de Melchior Clantstrjitte ûnderstrûpe, sizze se, al wie it no slimmer as oars.
Ynwenners binne 'der klear mei'
Snein strûpten strjitten ûnder troch de rein. By guon minsken hat it wetter yn it hûs stien, en de sylskoalle fan Wâldsein waard ûntromme.
De brânwacht wie mei ferskate ploegen oanwêzich yn it doarp om it wetter fuort te pompen. Yn ferbân mei de wetteroerlêst wiene de tagongsdiken nei Wâldsein ôfsletten.
Dit wie de sitewaasje yn Wâldsein
Oan de ein fan de middei melde de brânwacht dat de sitewaasje ûnder kontrôle wie.

Jierrenlang probleem

Bewenners fan de Melchior Clantstrjitte sizze dat it net de earste kear is dat der wetteroerlêst is. Mei de gemeente Súdwest-Fryslân wurdt neffens in bewenner 'al jierren' oerlein oer it mooglik ferbetterjen fan de kapasiteit fan it rioel, mar dat net ta ferbetteringen laat.
"Ik hie eins boargemaster Jannewietske de Vries hjir hjoed ferwachte, dan kin se mei eigen eagen sjen hoe't it hjir is as de boel ûnderstrûpt", seit buertbewenner Jan Kramer.
Dizze minsken skrokken bot fan it wetter
"It is in tryst rekôr", seit ien fan de ynwenners fan it doarp. Hy wennet al in hiel skoft yn Wâldsein. "Yn 30 jier ha ik dit noch noait meimakke."
Hy hâldt in reinmjitter omheech. "De foarige kear hiene we 70 milimeter. It is no 170. Bar en boos. De kelder stiet fol, en it wetter rint ûnder it hûs troch. Yn de krûpromte wol ik it net witte."
"It is gjin reinwetter, mar rioelwetter wat hjir stiet"