Fleanshow Definsje by Formule 1 skrast: Ljouwerter F-35's bliuwe oan 'e grûn

By de Formule 1-race yn Zandvoort op snein 5 septimber sille der gjin gefjochtsfleantugen fan de Ljouwerter fleanbasis oerfleane. It ministearje fan Definsje hat besletten de saneamde 'fly past' te annulearjen "vanwege de ontwikkelingen in Afghanistan".
© Omrop Fryslân
Fan ferskate kanten wie der krityk kaam op de fleanshow. Sa hie Doarpsbelang Jelsum-Koarnjum de Ljouwerter fleanbasis oproppen op om gjin fly-by te hâlden boppe it sirkwy fan Zandvoort.
Neffens doarpsbelang wie it foar de doarpsbewenners fan Jelsum en Koarnjum net te akseptearjen dat se ek yn it wykein lûdsoerlêst ûndergean moasten.