Brieven fan Raarder wachtmaster út Nederlânsk-Ynje yn Rijksmuseum te sjen

Yn de útstalling Revolusi! Indonesië onafhankelijk yn it Rijksmuseum binne âlde brieven fan Klaas Bruinsma fan Raard by Dokkum te sjen. Hy wie wachtmaster by de artillery yn Nederlânsk-Ynje. De brieven binne in wichtich ûnderdiel fan in eksposysje oer de ûnôfhinklikheidsstriid fan Yndonezië.
It yndrukwekkende ferhaal yn 'Revolusi!':
De útstalling is opset nei oanlieding fan it boek Revolusi fan de Belgyske skriuwer David van Reybrouck en de presintaasje fan it grutte wittenskiplike ûndersyk, 'Onafhankelijkheid, dekolonisatie, geweld en oorlog in Indonesië (1945-1950)'. Dat ferskynt op 17 febrewaris.

Brieven oan Janke

Klaas Bruinsma (1916-1995) skreau de brieven oan syn frou Janke yn Raard. Hy ferstjoerde yn de mear as trije jier dat er yn Nederlânsk-Ynje wie, mar leafst 7.000 kantsjes oan brieven mei safolle weardefolle ynformaasje dat dochter Hilma Bruinsma de brieven ynlevere by it NIOD (Instituut voor Oorlogs-, Holocaust- en Genocidestudies) as boarne foar it grutte ûndersyk.
In brief dy't te sjen is yn de eksposysje © Omrop Fryslân, Onno Falkena
"Us heit skreau oer alles", fertelt dochter Hilma. "Hy skreau dat er fan ús mem hold, mar ek oer alles wat er seach, meimakke en wat er dêrfan fûn. Hy skreau ek oer gefjochtshannelingen en oer dat guon saken him tsjin it boarst wiene."
Bruinsma hie ek al gau yn de gaten dat de Nederlânske troepen troch de pleatslike befolking net as 'bringers fan oarder en frede' sjoen waarden.
Klaas Bruinsma © Omrop Fryslân, Onno Falkena
"Hy is dêrhinne gien mei de bêste yntinsjes, want hy hie heard dat der bot honger wie yn Nederlânsk-Ynje. Yn ien fan syn brieven skriuwt er oer it Nederlânske leger: 'Wy lykje wol Dútsers'. Dochter Hilma seit: "Us heit hat dêr bot mei wraksele."

Heit wie feroare

Sa iepen as er yn de brieven oan syn frou Janke is, sa sletten is er foar syn bern as er nei de oarloch wer thúskomt yn Raard. Hy is feroare. "Heit wie strang, mei fêste noarmen en wearden. Dêr mochten we net fan ôfwike", fertelt dochter Hilma. "Mar ik haw altyd tocht dat der ek in oare heit wie, dy't er net sjen liet. Dy oare heit haw ik fûn yn syn brieven en dêr bin ik hiel bliid om."

It taboe yn it teemeubel

Hilma Bruinsma neamt de brievekolleksje 'it taboe yn it teemeubel', want de brieven leine 65 jier yn in Yndyske teekoer yn it teemeubel. Se mochten net ynsjoen wurde.
Part fan in brief © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De teekoer en in part fan 'e brieven binne ôfrûne wike troch it Rijksmuseum ophelle by frou Bruinsma yn Gorinchem. Sy sille te besjen wêze yn it Rijksmuseum.
Nei it lêzen fan de brieven út Ynje sjocht frou Bruinsma har heit mei oare eagen. Sy fynt it spitich dat har heit noait oer de tiid yn Ynje prate woe, al begrypt sy it ek wol.
De oarloch ferrûn net sa't er woe. De manlju fielden harren yn de steek litten. Nei de tiid wie der ek gjinien dy't frege hoe't it dêr wie.
Hilma Bruinsma oer har heit
"De oarloch ferrûn net sa't er woe", seit Hilma Bruinsma. "De manlju fielden harren yn 'e steek litten. Nei de tiid wie der ek gjinien dy't frege hoe't it dêr wie. Doe't se letter ek noch oansjoen waarden op oarlochsmisdieden, waard it noch dreger om deroer te praten. It is in probleem mei in soad lagen."

Ferskate perspektiven

Bruinsma fynt it goed dat it Rijksmuseum en NIOD besykje om út alle perspektiven wei nei de Yndonezyske ûnôfhinklikheidsstriid te sjen, likegoed út it Nederlânske as it Yndonezyske perspektyf wei. Dat dêrby ek omtinken is foar it perspektyf fan in wachtmaster fan Raard fynt se bysûnder.
Klaas Bruinsma © Omrop Fryslân, Onno Falkena
"Nimmen komt sûnder skea út in oarlochssituaasje. Us heit ek net." Ek al wie heit strang en ek wolris hurd, in minne bernetiid hiene de acht bern perfoarst net. Der binne bygelyks waarme oantinkens oan de simmerfakânsjes op Skiermûntseach, dêr't de grutte húshâlding kampearre yn in grutte tinte. "Us heit ûndernaam dan fan alles mei ús. It joech in grut gefoel fan frijheid."

Fotokolleksje

Njonken de 7.000 kantsjes tekst makke wachtmaster Bruinsma ek in soad foto's yn Nederlânsk-Ynje. In gie om foto's fan syn maten, fan de Yndonezyske natuer, mar ek fan it kanon dêr't er ferantwurdlik foar wie en foto's fan groepen militêren op patrûlje.
Ek de grutte fotokolleksje is útsûnderlik, want der wiene doe net in soad militêren mei in eigen tastel.
Klaas Bruinsma en frou Janke Venema © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Dochter Hilma Bruinsma
De kolleksje brieven kaam pas foar it ljocht nei it ferstjerren fan Klaas Bruinsma. Mem Janke joech de brieven doe yn betrouwen oan har jongste dochter. Yn oerlis mei har broer en susters hat Hilma Bruinsma de brieven beskikber steld oan it NIOD en it Rijksmuseum.
Hilda Bruinsma hâldt ek in blog by mei sitaten út de brieven fan har heit, dy blog is hjir te finen: www.puntaal.nl/blog