Argyf Hôf fan Fryslân digitalisearre mei help fan keunstmjittige yntelliginsje

It hânskreaune argyf fan it Hôf fan Fryslân, tusken 1499 en 1811 de heechste rjochtbank fan Fryslân, wurdt de kommende jierren digitalisearre en lêsber makke foar in breed publyk. Dat bart mei help fan keunstmjittige yntelliginsje.
Argyf Hof fan Fryslân 'grôtfol ferhalen':
It Hôf fan Fryslân wie tusken 1499 en 1811 de heechste rjochtbank fan Fryslân en siet yn de Kânselarij yn Ljouwert. It hânskreaune argyf út de perioade 1700-1811 is folslein bewarre, mar it is kwetsber en foar de measte minsken dreech te lêzen.

Kwetsber erfguod

Dat sil de kommende tiid feroarje. Op inisjatyf fan professor Rjochtsskiednis Hylkje de Jong fan de Vrije Universiteit Amsterdam wurdt mar leafst 48 meter oan sivile prosesdossiers digitalisearre by it bedriuw GMS Noord yn Hurdegaryp. Dit bedriuw is spesjalisearre yn it digitalisearjen fan kwetsber erfgoed.
Hylkje de Jong mei dossiers fan it Hôf fan Fryslân yn Tresoar © Omrop Fryslân, Onno Falkena
It bedriuw hat trije scanstudio's en dêrnjonken ek in klûs om de kostbere dossiers feilich yn bewarje te kinnen.
Professor Hylkje de Jong
It programma Transkribus sil de digitale ferzje fan de hânskreaune dossiers letter safolle mooglik omsette yn typte tekst en it trochsykber meitsje. Hjirby is neist de bewurking fan it kompjûterprogramma ek de help nedich fan frijwilligers, dy't it ferbetterje en oanfolje kinne.

Tweintich jier

Der wurde ynkoarten lykwols mear sivile prosesdossiers digitalisearre. It giet dan net allinne om de hôven fan Fryslân, mar ek om dy fan Hollân en Utert, yn gearwurking mei it Nationaal Archief en Het Utrechts Archief. Troch bydragen fan ferskate fûnsen rint Fryslân foarop. By Tresoar wurdt al in jier of tweintich neitocht oer de bêste wize om it argyf te ûntsluten.
Luc de Vries fan Tresoar is dan ek bliid dat it lang om let safier is. "Dit is een schatkamer van informatie en verhalen, maar er wordt maar beperkt gebruik van gemaakt. Wie het wil inzien, moet nu naar Tresoar komen en bovendien in staat zijn om de oude handschriften te lezen. Lang niet iedereen kan dat."

'Vol verhalen'

Professor Rjochtsskiednis Hylkje de Jong fan de Vrije Universiteit Amsterdam is in fêste besiker fan Tresoar. Se nimt ek geregeld in busfol studinten Rjochten út Amsterdam wei mei nei Ljouwert foar in dûk yn it argyf fan it Hôf fan Fryslân.
"In Friesland gold het Romeinse recht, voor zover daar geen inbreuk op werd gemaakt door de wetgeving van de overheid. Hoe dat werd toegepast is ontzettend interessant. Het privaatrecht was in de tijd van de Republiek in elk gewest anders, dus ook het vergelijken van Friese dossiers met zaken in Holland en Utrecht is interessant."
Dit archief zit vol verhalen. Het is niet alleen voor juristen interessant, maar ook voor historici en eigenlijk voor iedereen die meer wil weten over de verhoudingen in die tijd.
Hylkje de Jong en Luc de Vries
De Jong en De Vries ferwachtsje dat it ûntsluten fan it argyf liede sil ta folle mear ûndersyk en publikaasjes oer it Fryslân fan de 18de iuw, wittenskiplik en net-wittenskiplik.
"Dit archief zit vol verhalen. Het is niet alleen voor juristen interessant, maar ook voor historici en eigenlijk voor iedereen die meer wil weten over de verhoudingen in die tijd. Als je de stukken leest, is het net alsof je de getuigen uit die tijd hoort spreken."
Frou De Jong die earder by Tresoar yn Ljouwert ûndersyk nei de prosessen dy't de bekende abbekaat Henricus Popta (1635-1712) fierde. Se kaam dêrby ek in saak tsjin oer in útbrutsen bolle dy't by Ljouwert foar skea soarge.
Dizze bolle socht neffens de argyfstikken 'konversaasje' mei de kij fan de buorman en dy moeting waard ien ko fataal. De eigener fan de bolle waard wol ferplichte om de skea dy't de bolle oanrjochte te fergoedzjen.

'De Witte Haas'

In oare nijsgjirrige saak draait om de fynst fan in kist mei goud op it strân fan Skiermûntseach yn 1710. It kistje wie ôfkomstich fan it yn 1674 fergiene skip 'De Witte Haas', mar fan wa wie dy kist mei goud? Hjiroer ûntstie in juridyske striid tusken Johan Stachouwer, de hear fan Skiermûntseach en de West-Indische Compagnie, de eigener fan it skip.
Dirck Wilree fergie mei it skip 'De Witte Haas' yn 1674 by Skiermûntseach © Hong Kong, The Mari-Cha Collection Limited
By de skipsbrek kaam ek Dirck Wilree, de direkteur-generaal fan de West-Indische Compagnie yn Guinea, om it libben. 36 jier letter easke syn dochter Maria Wilree de kist mei goud op. Dy striid ferlear se. De kist stie net op de ynventaris fan 'De Witte Haas' en dêrtroch wûn de West-Indische Compagnie by eintsjebeslút de saak.
It giet by dizze saak om ferskate dossiers, dy't mei-inoar gearhingje. Digitalisaasje en it trochsykber meitsje fan de stikken sille ûndersyk nei sokke saken yn de takomst folle makliker meitsje, ferwachtet professor De Jong.

"Trots dat Fryslân voorloopt"

It folsleine argyf fan it Hôf fan Fryslân bestiet út 17.030 ynventarisnûmers. Dêrfan wurde no 2273 nûmers, in goeie 48 meter digitalisearre.
Luc de Vries: "Het is natuurlijk niet alles, maar je moet ergens beginnen. Ik ben blij dat we nu van start gaan en ook wel een beetje trots dat Fryslân voorop loopt."
It is de bedoeling dat de argiven fan Hollân en Utert harren letter by it projekt oanslute. Ein maart is by Tresoar in konferinsje oer de mooglikheden en útdagingen fan it digitalisearjen fan iuwenâlde rjochtsargiven.
Luc de Vries fan Tresoar oer it argyf fan it Hôf fan Fryslân