Klok út Burgumer Krústsjerke foar twadde kear yn 360 jier fuorthelle

Foar de twadde kear yn hast 360 jier wurdt tongersdei de grutte klok út de Krústsjerke yn Burgum fuorthelle. De klok moat nei in spesjalisearre bedriuw yn Dútslân brocht wurde om foar te kommen dat der úteinlik skuorren yn komme. Om de klok feilich bûtendoar te krijen is om de toer hinne in grutte stellaazje boud. Boppeyn de toer is in gat yn de muorre makke om de klok nei bûten takelje te kinnen.
Klok Burgumer Tsjerke
Op de stellaazje, sa'n tweintich meter boppe de grûn, lizze op ferskate plakken groepkes âlde stiennen. Se komme út de muorre fan de tsjerketoer, dêr't it gat makke is dêr't de klok trochhinne moat. "Dy stiennen moatte allegearre safolle mooglik op itselde plak werom mitsele wurde", seit projektlieder Sijbe Tolsma fan boubedriuw Swart út Eastermar. "Dat is noch bêst in yngewikkeld putsje."
It boubedriuw hat in soad foto's makke fan de toer foar't de stiennen út de muorre giene. "Sa kinne we fan elke stien sjen wêr't er weikomt en witte we aanst ek hokker stien wêr weromkomme moat. Dat freget wol even wat wurk."
De herfoarme tsjerke fan Burgum yn de stegers © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Projektlieder Sijbe Tolsma oer it ferpleatsen fan de klok
De klok wurdt mei in liere nei bûten ta helle. Dêrnei litte se him troch in iepening yn de steger nei ûnderen sakje. "Dat is in spannend momint. De klok is ûngefear 1.20 meter breed, wylst de steger 1.30 is. Dat is krap, dus we moatte foarsichtich wurkje. We wolle de klok fansels net skansearje, ek al wurdt er aanst restaurearre."

Yn 1943 ek nei ûnderen

De klok hinget al hast 360 jier yn de toer, sa wit Arjen van der Schaaf. Hy is foarsitter fan de Stichting Behoud Monumenten Tytsjerksteradiel en opdrachtjouwer foar de restauraasje. "Dat witte wy om't it derop stiet", laket Van der Schaaf. Dat docht bliken, want op de klok stiet yn it âld-Hollânsk de tekst Jurien Balthasar heeft my ghegooten in Leeuwarden 1662.
De klok yn de herfoarme tsjerke fan Burgum © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
It is de twadde kear dat de âlde klok út de toer weihelle wurdt. Yn 1943 waard er nammentlik foardere troch de Dútske besetter om der kanonnen en kûgels fan te meitsjen. Ek doe is de klok út de toer weihelle en nei ûnderen brocht. "Mar dêrnei hawwe de Dútsers efkes net goed de eagen iepen hân, want de klok is doe rap wei wurden. Yn 1945 hawwe de ynwenners en fan Burgum him weromfûn yn it koalehok fan de tsjerke. Hy hat dus nea fier fuort west en is sa behâlden bleaun."
It is noch net dúdlik hoelang't de restauraasje krekt duorje sil. Der binne sawat sân wiken foar útlutsen. Yn Burgum hoopje se de klok wer brûke te kinnen mei de Deadebetinking op 4 maaie.
Arjen van der Schaaf fan de Stichting Behoud Monumenten Tytsjerksteradiel