Alyda Norbruis sil optimisme Bibian Mentel nea ferjitte: "Enoarme ynspirator"

De moandei ferstoarne snowboardster Bibian Mentel wie ek foar hurdfytster Alyda Norbruis in grutte ynspiraasje. De mearfâldich Nederlânsk, wrâld-, en paralympysk kampioene út Oerterp koe har al mear as tsien jier. De dea fan Mentel hat op har grutte yndruk makke. "Ik hie de hoop dat se noch langer by ús bliuwe mocht."
Bibian Mentel
© ANP
Norbruis pakte har titels op de fyts, mar wie earder aktyf yn de wintersport. Yn dy perioade learde se Mentel kennen. "Ik hie in grutte ôfstudearopdracht yn Snowworld yn Zoetermeer. Dêr wie Bibian ek", fertelt Norbruis. "Se hat me dy dei begelaat. Letter is ús kontakt yntinser wurden en noait wer oergien."
Hiel Nederlân hold fan Mentel, seit Norbruis. "Se is sa'n enoarme ynspirator foar elkenien. Ik ken har út de sport, mar elkenien fielt him wol mei har ferbûn. Har positiviteit wie einleas, yn watfoar situaasje se ek siet. Dat hat my ek altyd ynspirearre, se wie foar my in hiel grut foarbyld. Dat bliuwt ek altyd sa."
© Omrop Fryslân
Norbruis sil benammen dy positiviteit fan Mentel noait ferjitte. "Moatst fan elke dei in feest meitsje, dat is de libbensles dy't ik fan har meikrigen ha. Se seit ek: wat hâlde besittingen no yn? Moatst oantinkens meitsje, dat makket dyn libben en it libben fan de minsken om dy hinne."
Se hat dei yn, dei út fochten foar it plak dy't de paralympyske sport fertsjinnet.
Alyda Norbruis oer Bibian Mentel
Mentel hat in hiel soad betsjut foar de paralympyske sport, fynt Norbruis. "Dat is hast net yn wurden út te lizzen, sa allemachtich folle hat se betsjut. Hoe't se dat op de kaart set hat. Se hat der altyd mei dwaande west en hiel moai en posityf nei bûten brocht. Se hat dei yn, dei út fochten foar it plak dy't de paralympyske sport fertsjinnet. Dat is sa moai, dat se ha dêr sa allemachtich bot foar ynset hat."
De ynspiraasje bliuwt Norbruis altyd by. "Ek de motivaasje, de wil om te libjen en de manier wêrop't se dat die. Dy einleaze positiviteit."
Ek by Sport Fryslân binne de superlativen oer de betsjutting fan Bibian foar de handikaptesport net fan de loft. Neffens Marije Planting, dy't har binne Sport Fryslân in soad mei de handikapte sport dwaande hâldt, is Bibian in geweldige ynspiraasje foar in hiel soad minsken mei in beheining. Minsken sa as har binne fan grut belang om sokke minsken oan it sporten te krijen. Bibian joech nea op. "Een brok energie en positiviteit. Dat laat ze wel na", seit Plantinga.